Thús Wonen pakt 700 huzen yn Noardeast-Fryslân oan

26 jan 2016 - 09:51

Wenningkorporaasje Thús Wonen ynvestearret dit jier mear yn hierhuzen, om it oanbod fan sosjale hierwenningen yn Noardeast-Fryslân op nivo te hâlden. Mear as 700 huzen wurde opknapt en enerzjysuniger makke. Thús Wonen hat dêroer ôfspraken makke mei hierdersferiening en de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Der komme foarearst gjin nije hierwenten by, want der binne genôch.

As der yn de takomst wol nijbou nedich is, sil dat mear gean om wenningen, dêr't minsken oant de ein fan it libben wenjen bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)