Oerrock warskôget foar it oanbod fan nepkaarten

26 jan 2016 - 09:38
  • De earste foarferkeap fan Oerrock is útferkocht

De organisaasje fan Oerrock warskôget foar nepkaarten dy't op ynternet oanbean wurde. It advys is om tagongsbewizen allinnich by Oerrock sels, de bekende ferkeappunten of ticketmaster te keapjen. Yn de foarferkeap binne de earste 6000 kaarten foar it festival ferkocht en dêrmei is de earste foarferkeap útferkocht. Der binne no noch 1500 kaarten oer, dy komme op 26 maart beskikber.

Oerrock hat dit jier ûnder oare optredens fan Kensington, Handsome Poets, Racoon, Miss Montreal en Chef's Special.

Ferline jier soe Kensington ek al optrede yn Oerterp, mar do moast de band ôfsizze fanwegen sûnensproblemen. Triggerfinger wie doe de ferfanger fan de band.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)