Kollum: "Regels binne hilliger as de geast"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
Der binne dagen dat je tiid en harsenssellen tekoart komme om as ienfâldich kollumnist alles by te hâlden. De iene nei de oare kwestje tsjinnet him oan, it iene noch prangjender as it oare. Lykas it gefal fan Jitse Akse, dy’t mei de Koerden tsjin de IS fjochtet. Wat is dêr net allegear oer te sizzen? Of, ek al is it fan in hiele oare oarder, it gefal fan Hessel Wiegman fan Skylge. Wiegman stiet al 45 jier noed foar seehûnen dy’t siik of ferwûne oanspiele op it strân. Neffens syn frou hat er yn de rin fan dy 45 jier sa’n 4000 bisten nei Pieterburen tabrocht. It lêste jier docht er dat lykwols net mear, omdat er de oanpak fan de nije direksje fan Pieterburen dierûnweardich fynt. Neffens him sette se de seehûnen fierstente betiid werom, en rêde se it dêrom net op. Ut dy reden hâlde er tsien seehûnen yn de eigen skuorre, dy’t er mei help fan fjouwer man fuorre, fersoarge en skjinmakke.
En dat mei net fan de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit. Partikulieren meie de bisten net finzen hâlde, dêr binne erkende opfangplakken foar. Dus hellen meiwurkers fan Pieterburen yn de nacht fan tongersdei op freed de bisten by him wei. En waard er troch ynspekteurs fan de Voedsel- en Warenautoriteit op de bon slingere. As wie er de earste de bêste misdiediger. As hie er al dy jierren gjin kontakt hân mei de plysje en de gemeente. As wie er net al oardel jier dwaande om syn plan foar in eigen opfang rûn te krijen. It skeelde net folle of se hiene him mei in sek oer de holle ôffierd. Sa’t it OM Jitse Akse ôffiere liet, mei wapens yn de oanslach, en ja, in sek oer de holle.
Yn beide gefallen ha wy it oer regels en it hanthavenjen en neilibjen dêrfan. Dat jildt ek foar de brûkers fan medisinale wiit. Der binne in weareld minsken dy’t dêr baat by ha. Pasjinten mei COPD, reuma of kanker, om mar wat te neamen. De oerheid erkent de medisinale wurking fan wiit, mar troch it drugsbelied dat it hat, is it útdielen dêrfan hast ûnmooglik. Pasjinten kinne op resept en ûnder strange betingsten by guon apotekers cannabisprodukten krije, mar dat is yngewikkeld en djoer. Om dat te feroarjen hat in groepke minsken de Social Club Friesland oprjochte. In besletten klup, dy’t war docht om cannabisprodukten te legalisearjen. Men kin lid wurde om op dy manier tagong ta de wiitoalje- of salve te krijen. It mei net ferkocht wurde, en dêrom kinne de leden op frijwillige basis in donaasje dwaan. De Social Club hopet troch sa te hanneljen in proefproses út te lokjen om dúdlikheid te krijen, om oplichterij foar te kommen en kriminaliteit út te bannen: se wurkje mei eigen, lytsskalige kwekers.
Foar alle gefallen dy’t ik oereide ha, jildt dat der regels wêze moat. Mar regels en wetten binne altyd ûntstien mei in filosofy of gedachte as útgongspunt: de saneamde geast fan de wet. En dêr draait it om. Regels en wetten binne in middel, gjin doel. Wurdt dat fergetten, dan krijt men burokrasy, ûnbegryp en gefolgen dy’t noait de bedoeling west ha. En krekt dat gebeurt om it hurtsje. Regels binne hjoed-de-dei hilliger as de geast. Mei gefolgen dy’t net mear út te lizzen binne.