Soarchcoach is úteinset yn De Trynwâlden

26 jan 2016 - 08:26

Yn De Trynwâlden is sûnt dizze moanne in soarchcoach aktyf. Der bestiet al in soarchkoöperaasje Zorg en Welzijn Trynwâlden. Dy koöperaasje is oprjochte yn november 2013 mei it idee om minsken sa lang mooglik thús wenje te litten of ûnder te bringen yn in lytsskalich ferpleechhûs yn de buert.

Yn de praktyk docht bliken dat it net maklik is om de ynwenners altyd goed te helpen. Dêrom is it idee fan de soarchcoach betocht dy't minsken streekrjocht helpt by it finen fan de goede thússoarch en eventuele soarch yn in ferpleechhûs.

Goed oerlis

It inisjatyf fan de soarchcoach is yn goed oerlis mei it doarpeteam en doarpsbelang, de gemeente Tytsjerksteradiel, soarchfersekerder De Friesland en oare belutsen organisaasjes. It doarpeteam is it earste oansprekpunt en kin yn drege gefallen ferwize nei de soarchcoach. Dy is beskikber foar oriïntearjende en spesifike fragen en sa nedich begelieding fan de ynwenners. De coach kin ek in bemiddeljende rol spylje as der ferskil fan ynsjoch is tusken it doarpeteam en in ynwenner of tusken it doarpeteam en de gemeente. 

Grut draachflak

It draachflak foar it inisjatyf is grut, sawol ûnder boargers as ynstânsjes. Der leit in posityf amtlik advys foar gemeentlike subsydzje, de doarpsbelangen hawwe in jierlikse bydrage tasein en fûnsen en stichtings wurde foar fierdere stipe benadere. Organisaasjes foar thússoarch reagearje noch weromhâldend, mar de meiwurkers binne entûsjast, omdat de nije oanpak foar mear wurk soarget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)