Boete fan 600 euro foar smoken op doarpsfeest Deinum

© Omrop Fryslân
Deinumer aktiviteiteferiening Nocht & Wille hat ein ferline jier in boete fan 600 euro krigen omdat op it doarpsfeest smookt waard yn de feesttinte. Dat skriuwt de feriening op Facebook. De boete is útdield troch it ministearje fan Folkssûnens, omdat der flink smookt waard yn de feesttinte.
Ek soe de kontrôle en previnsje net goed genôch west hawwe. De aktiviteiteferiening ropt minsken op Facebook op om it kommende doarpsfeest net wer binnendoar te smoken en inoar dêr ek op oan te sprekken.