Ynformaasjejûn oer nij azc yn Ljouwert ferrint rêstich

25 jan 2016 - 23:01

Der kamen mear as hûndert minsken ôf op de ynformaasjejûn oer de komst fan in asylsikerssintrum oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert. De gearkomste ferrûn rêstich. De gesprekslieder hat ien kear ynspekkers frege om net al te rûge taal út te slaan. Der wie in groep minsken dy't him soargen makket oer de feiligens nei oanlieding fan berjochten oer it barren yn Keulen of oer diskriminaasje fan homo's yn in Amsterdamske flechtlinge-opfang.

De measte omwenners fan de opfang oan de Heliconweg binne posityf oer de opfang dêr.

De aparte gearkomste foar ûndernimmers luts mar trije minsken. Boargemaster en wethâlders nimme ynkoarten in beslút oer de komst fan it azc neidat de gemeenteried heard is.

Trefwurden: 
ynformaasjejûn AZC Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)