Hegere omset by Poiesz-supermerken troch nije formule

De ferbouwing fan de supermerken fan Poiesz soarget foar in flinke groei yn de omset. Reden foar de direksje om alle 68 winkels om te setten nei de nije formule. Oant no ta binne sân winkels oanpakt en yn al dy supermerken is sprake fan ekstra ynkomsten.
Dat komt neffens Poiesz trochdat de klant mear ynspiraasje krijt troch it grutte oanbod oan bygelyks resepten en tips yn de winkel. Ek hawwe alle ferboude Poiesz-supermerken in selfscan-systeem, dat derfoar soargje moat dat klanten minder tiid kwyt binne by de kassa.