Mar trije ûndernimmers op ynformaasjebyienkomst oer azc

Lege stuollen op de ynformaasjegearkomste foar ûndernimmers © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mar trije ûndernimmers namen moandeitejûn de muoite om de ynformaasjegearkomste oer de komst fan in azc yn Ljouwert by te wenjen. De gemeente Ljouwert wol 600 flechtlingen yn it âlde postsortearsintrum oan de Snekertrekwei ûnderbringe. Boargemaster Ferd Crone en Henk Wolthof fan it COA (Centraal Orgaan Asielzoekers) prate bedriuwen en omwenners yn twa aparte gearkomsten by.
De opfang soe nei de simmer iepengean moatte. De gemeenteried praat nije wike moandei fierder oer it foarnommen beslút fan it kolleezje oer de komst fan in azc.
De twadde byienkomst foar omwenners en belangstellenden út de gemeente Ljouwert luts sa'n hûndert minsken. Der wiene yn it foar ridlik strange feilichheidsmaatregels. Tagong wie allinnich mooglik nei it toanen fan legimitaasje. Ek wie de byienkomst allinnich tagonklik foar ynwenners fan de gemeente Ljouwert.