Anneke Kuindersma: "New York liket op sniewinter 1979"

"Ik kin my de sniewinter fan 1979 noch wol heuge, mar dit wie slimmer." Dat seit Anneke Kuindersma. Se komt oarspronklik fan De Jouwer, mar wennet no al sân jier yn New York. Se siet dit wykein yn 'snowzilla", de slimste sniestoarm dy't Amearika de ôfrûne tsientallen jierren sjoen hat.
Sneontemiddei wie se bûten, om alfêst de auto sniefrij te meitsjen. "Mar dan sitte je wer yn de hûs, en dan leit de auto wer fol. Der kaam hieltyd mear snie. En dan ek noch dy hurde wyn... It wie echt hiel heftich."
Sneon mocht net ien de dyk mear op. Diken en brêgen wiene ôfsletten. En wa't it al besocht, krige in boete en strafpunten op it rydbewiis. "Sa ha ik it noch nea meimakke," seit frou Kuindersma. "Ferline jier hiene we hast alle wiken wol in sniestoarm, dan lei der 20 oant 30 sintimeter. No is it fan freed oant snein net opholden fan snijen. Der lei wol 70 sintimeter snie."
De Amerikanen binne wol wat wend. "Sadree't it kin, giet elkenien der út om de snie te romjen. De ekonomy moat hjir wol draaien bliuwe fansels." Yn New York komt it deistich libben stadichoan wer op gong. Frou Kuindersma is nanny, en moandei is se ek wer oan it wurk gien. Mar se sit der noch wol wat oer yn oft se by thúskomst de auto wol wer kwyt kin. "It sil dreech wurde om in parkearplak te finen. Dy lizze hjir allegearre noch fol snie."