Man út Sint-Jânsgea moat sitte foar bedriging yn sikehûs

25 jan 2016 - 17:28

In man út Sint-Jânsgea hat moandei twa moanne selstraf krigen fanwege fernielerij en bedriging fan personiel yn in sikehûs. De man siet ferline jier yn in klinyk yn Súdlaren en woe himsels te koart dwaan. Hy waard doe nei it Martinisikehûs yn Grins brocht. Lizzend op de brankaar bedrige er de ferpleechkundige. Yn it sikehûs sels bedrige er personiel en fernielde er in kompjûter.

De rjochtbank hold by de straf rekken mei de omstannichheden fan de man. Dy moat noch wol in eardere straf fan trije moanne útsitte.

De man hie noch in proeftiid en wie wer yn de fout gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)