Tsien basisskoallen hawwe in eigen skoalskriuwer

Tsien basisskoallen yn Fryslân hawwe sûnt moandei in eigen 'skoalskriuwer'. Doel fan de skriuwer op skoalle is better taalûnderwiis. De kommende moannen komt der op de skoallen alle wiken in bekende berneboekeskriuwer del. Dizze sil learlingen op in positive wize lesjaan oer ûnder oare it lêzen fan boeken en it skriuwen fan ferhalen en gedichten.
Under oare op basiskoallen yn Ljouwert, Wurdum en Deinum waard moandei begûn mei it projekt dat oant en mei maaie duorret. It is de twadde kear dat der skoalskriuwers aktyf binne.
Under oare de skriuwers Hanneke de Jong, Kate Schlingemann, Derk Visser en Lida Dijkstra wurkje oan it projekt mei. By de organisaasje fan it projekt binne Biblioteek Service Fryslân en de provinsje Fryslân belutsen.