Hessel Wiegman nimt wer seehûn mei fan it strân

Seehûnehelper Hessel Wiegman fan Skylge hâldt net op mei it opfangen fan seehûnen, no't de Voedsel- en Warenautoriteit de ôfrûne wike tsien sike seehûnen by him weihelle hat. Moandeitemoarn hat Wiegman op 'e nij in seehûn meinaam, dy't er op it strân fûn hie. It bistje wie siik, en is by Wiegman thús ferstoarn.
Wiegman hat gjin fergunning om seehûnen op te fangen, mar hy wegeret om se nei de kresj yn Pieterburen te bringen. Hy fynt dat de bisten dêr net goed fersoarge wurde.