Byienkomst foar omwenners fan nij AZC yn Ljouwert

25 jan 2016 - 17:16

Omwenners fan it âlde postsortearsintrum oan de Snekertrekwei yn Ljouwert wurde fan 'e jûn bypraat oer de komst fan in AZC yn it gebou. De gemeente Ljouwert wol 600 flechtlingen yn it gebou opfange. De opfang soe nei de simmer iepengean moatte.

Omlizzende bedriuwen en omwenners binne útnoege foar in ynformaasjegearkomste mei boargemaster Ferd Crone en Henk Wolthof fan it COA (Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers).

De gearkomste is live te folgjen fia ûndersteande livestream. De earste byienkomst foar bedriuwen begjint om 17.30 oere. De byienkomst foar bewenners begjint om 19.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)