Nij sintrum foar kankerpasjinten op It Hearrenfean

25 jan 2016 - 14:50

Wethâlder Jelle Zoetendal iepenet nije wike tongersdei op It Hearrenfean De Skulp, in sintrum foar 'libje mei kanker'. Op dit plak wurde aktiviteiten organisearre foar minsken dy't mei kanker te krijen hawwe of te krijen hân hawwe. It is net allinnich foar pasjinten ornearre, mar ek foar harren partners, bern, mantelsoargers of neibesteanden.

It sintrum sit yn it gebou fan Zorgbelang Fryslân. Nije wike tongersdei is it 'Wrâldkankerdei'.

Trefwurden: 
kanker De Skulp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)