Dûkers sykje wer nei bewiismateriaal fan oerfal Ljouwert

Dûkers fan de plysje by De Tunen © Kappers Media
Dûkers fan de plysje hawwe moandei op 'e nij ûndersyk dien yn de stedsgrêft oan de Tunen yn Ljouwert. De plysje socht dêr nei bewiismateriaal yn ferbân mei in stek- en sjitynsidint yn in kapperssaak, op 11 desimber. Dêrby rekke in 28-jierrige man ferwûne. Hy hie meardere stekwûnen. Krekt nei it ynsidint hawwe dûkers ek al yn it wetter socht, doe fûnen se neat. No hat de plysje wol wat fûn. Wat dat is, wol de plysje net sizze.
Der wurdt earst ûndersocht oft it guod wat se út it wetter helle hawwe, ek mei it ynsidint yn de kapperssaak te krijen hie.