Afvaloven Nee: "provinsje moat optrede tsjin Omrin"

25 jan 2016 - 13:48

De provinsje moat optrede tsjin Omrin. Dat fynt stichting Afvaloven Nee. Dit wykein waard befêstige dat de útstjit fan dioksine yn oktober fierstente heech wie. 'It bedriuw hâldt him dus net oan de fergunning', sa stelt Hans Gillissen fan de stichting.

De gemeente Harns, de provinsje, de FUMO en de begeliedingsgroep beprate moandei de resultaten en ek de mooglike oarsaken fan de hegere útstjit. Woansdei is der in gearkomste foar ynwenners fan Harns.

Earder sei Johan Vollenbroek fan dy begeliedingskommisje dat de piip fan de REC heger wurde moat. Sa wurdt de útstjit oer in grutter gebiet ferspraat. Wethâlder Harry Boon fan Harns wol dêr foarearst noch net oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)