Ungelok mei meardere auto's op A32 by Akkrum

© Anton Kappers
Op de A32 by Akkrum hat moandeitemoarn in ûngelok west, dêr't meardere auto's by belutsen wiene. Neffens de plysje gie it om trije of fjouwer auto's, dy't troch noch ûnbekende reden mei-elkoar yn botsing kaam binne. Omdat ien fan de ynsittenden oer in pynlike nekke klage, is der in ambulânse oproppen. Fierder soenen der gjin ferwûnen wêze.
It ferkear moast tydlik oer ien rydstrook ride. Dêrtroch wie der in lytse fertraging.
Sa'n oardel kilometer fan it ûngelok, hat ek noch in twadde ûngelok west. Dêr soe in auto yn de fangrail riden wêze. Fierdere details binne der noch net.