LTO: "Net tefolle sinnepanielen op kostbere lânbougrûn"

© Omrop Fryslân
Gemeenten en provinsjes kinne better sinnepanielen pleatse op yndustryterreinen of dakken fan stâlen as op boerelân. Dat fynt boere-organisaasje LTO-Noord. Neffens de organisaasje binne der tefolle plannen om sinneparken te pleatsen op lânbougrûn, wylst der noch in hiel soad oare romte is dêr't de panielen pleats wurde kinne.
Sa binne der yndustryterreinen dêr't noch net hielendal in bestimming foar fûn is of dakken fan buorkerijen en harren stâlen dy't noch gjin panielen ha, seit foarsitter fan LTO Noord Fryslân Geart Kooistra.
'Boeren meie fansels sels kieze wat se dogge mei harren grûn', leit Kooistra út. 'Mar it soe fan oerheden gewoan tûker wêze yn te stekken op oare plakken, omdat lânbougrûn weardefol is foar de takomst fan de lânbou en foar ús natuer. Wêrom soedest dan krekt dy grûn brûke, wylst der genôch oare plakken binne dêr't it net ta skea giet fan wat,' freget Kooistra him ôf.
LTO Noord sil syn leden yn Grinslân, Drinte en Fryslân de kommende tiid freegje hoe't sy tinke oer sinneparken op boeregrûn. Freed sil it ek bepraat wurde, op de regiodei fan LTO Noord yn Drachten.