"Utstjit dioksine fan de ôffaloven yn Harns wie te heech"

25 jan 2016 - 10:18

De útstjit fan dioksine út de REC yn Harns wie yn oktober yndied fierstente heech. Undersyk fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing) befêstiget dat de mjittings doge.

De gemeente Harns, de provinsje, de FUMO en de begeliedingsgroep beprate moandei de resultaten en ek de mooglike oarsaken fan de hegere útstjit. Woansdei is der in gearkomste foar ynwenners fan Harns.

Earder sei Johan Vollenbroek fan dy begeliedingskommisje dat de piip fan de REC heger wurde moat. Sa wurdt de útstjit oer in grutter gebiet ferspraat. Wethâlder Harry Boon fan Harns wol dêr foarearst noch net oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)