Kollum: “Doch mar wat fan Zet Zet Top”

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.
"De ôfrûne wiken namen wy ôfskied fan in oantal grutte muzikanten. Alderearst David Bowie, dy’t krekt nei it útbringen fan syn nijste album ferstoar. En ferline wike moandei wie it Eagles-oprjochter Glenn Frey dy’t op 67-jierrige leeftiid weirekke. Hiel Nederlân hie it der oer. Mar ik moat earlik tajaan: ik hie eins gjin idee wa’t beide mannen wiene. Ja, das net bêst he? It spyt my tige by tige, mar ik kin der neat oan dwaan. Myn muzikale kennis is werklik wier nul punt nul.
Ofrûne wike siet ik tafallich yn de kroech en doe hiene wy it oer al dy muzikale leginden dy’t dea gong wiene. ‘Tsjong ja, dat is my ek wat’, sei ik. ‘Earst Bon Jovi en no dy man fan The Beatles.’ Acht pear eagen seagen my strak oan. Oh oh, tocht ik, ik ha wer wat ferkeards sein. ‘Jon Bon Jovi libbet noch, gelokkich’, sei myn buorman. ‘En dy oare wie fan The Eagles, net The Beatles. Mar jout neat.’ Jim ha wol yn de gaten, ik kin my mar better stil hâlde as it om muzyk giet. Dat besykje ik dan ek sa folle mooglik, mar somtiden kin it gewoan net oars.
Op it wurk hjir by de Omrop bygelyks, bin ik de baas oer de sms’kes, dy’t jim stjoere mei jim muzikale fersykjes. Femke en Diana dogge de appkes en ik bûgje my mei myn splintertinne muzykkennis oer de sms’kes. En dat giet noch wolris mis. Yn myn ferdigening wol ik noch wol graach efkes melde dat de sms’kes net altyd like goed speld binne. Der sitte guon tusken, dat binne wiere kryptogrammen. ‘Bêste Omroppers, mei ik wol it plaatsje Mag ik dan bij jou fan Caroline de Bruin?’ No wit ik tafallich dat dit Claudia de Breij wêze moat, mar it jout mar oan hoe’t de muzikale fersykjes somtiden binnen komme. Of dizze: ‘Graag een nummer van Celin de Jong’. Dat moat dus Celine Dion wêze.
Nancy Senator, Buttervlaai, The Beedees. Ik sjoch fan alles foarby kommen. En oan my dan de taak der wat fan te meitsjen. Dat slagget meastal wol aardich, mar sa no en dan heakket it efkes. Sa krige ik in fersykje foar in plaatsje fan ZZ Top. Dus ik lêsde it foar: ‘Dag Omroppers, graag iets van Zet Zet Top. Doe maar Gimme All Your Lovin.’ De technikus knippere in kear nuver mei de eagen doe’t ik klear wie mei foarlêzen. ‘Zet Zet Top?’ Ik koekeloerde nochris nei myn byldskerm fol mei sms’kes. ‘Ja, dat stiet hjir. Zet Zet Top ofsa.’
ZZ Top is dus in frij bekende Amerikaanske rockband, blykt no. Al jierren en jierren en jierren steane dizze trije bebaarde en yntusken ek bejaarde rockers yn de Top 2000 mei grutte hits lykas Gimme All Your Lovin' en Sharp dressed man. Oeps. Sûnt dit lytse flaterke ha kollega’s hjir straal de gek mei myn muzykkennis. En dat waard noch slimmer doe’t ik in pear wike lyn in sms’ke foarlies oer in plaatsje fan 10 CC. Fielst ‘m al oankommen, ik hie it oer tsien see see. Blykt dus ek in frij bekend bandsje te wêzen út de jierren santich. Tsja, ik hie it miskien witte kinnen of witte moatten, neffens de muzykleafhawwers. Mar yn de jierren santich wie ik noch like floeiber as wêr’t de namme fan dizze band nei ferwiisd. Dat brûk ik dan mar as ekskús.
Berne yn 1986 bin ik sels fan de generaasje Spice Girls en de Backstreet Boys. Dus... mocht Howy, Nick, Brian, AJ of Kevin, Sporty, Baby, Posh, Scary of Ginger no samar yn ienen hartstikke kroandea del falle, dan kinne jim my altyd freegje as muzykkenner. Ik ha hiel wat Break Outs trochspit, dus ik wit alles. Ik doar rêstich te sizzen: myn kennis is zet zet top!"
Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.