Snits Wyt Swart komt goed út de winterstop, winst op Magreb

24 jan 2016 - 16:31

Snits Wyt Swart Boso Snits is nei de winterstop goed úteinsetten mei in 2-1 oerwinning op Magreb '90. Yn de 17e minút kaam Magreb op foarsprong, mar yn de 71ste minút makke ynfaller Tjeerd Andringa de lykmakker en yn de 87ste minút sette Freerk de Jong de einstân op it skoareboerd.

Dit betsjutte foar SWS einlik wer ris in winstpartij nei sân ferliespartijen.

Trefwurden: 
Snits Wyt Swart fuotbal Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)