Spannum komt mei teaterspektakel oer Sybrant Roorda

De tsjerke fan Spannum
De ynwenners fan Spannum wolle yn 2017 in teaterspektakel organisearje dat giet oer de pleatslike held Sybrant Roorda. Syn grêfstien is yn 2014 by de restauraasje fan de tsjerke foar it ljocht kommen. Ut ûndersyk waard letter dúdlik dat it om in foarnaam man giet, dy't yn om 1500 hinne mei syn famylje fochten hat tsjin Grutte Pier.
De Stichting Mei-inoar Spannum wol it stik op ferskate plakken yn it doarp spylje en it publyk der aktyf by belûke.