Ljouwerters moatte harren auto ynleverje

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan sneon op snein fan twa manlju de auto yn beslach naam. In 24-jierrige Ljouwerter ried fierstente hurd oer de Tunen. By syn oanhâlding waard dúdlik dat syn rydbewiis earder al ynnaam wie fanwege iepensteande boetes. As er dy net op tiid betellet, wurdt syn auto mooglik ferneatige.
Op de Archipelwei waard in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy ried ûnder ynfloed fan alkohol. Ek die bliken dat syn riidbewiis ûnjildich wie fanwege eardere oertredings. Dêrom waard syn auto yn beslach naam.