Aris komt sterk werom, mar ferliest fan Den Bosch

24 jan 2016 - 09:28

De Ljouwerter basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 76-66 fan de Shoeters yn Den Bosch ferlern. By rêst foel it ferskil noch ta, doe stie it 42-30. Mar yn it tredde kwart rûn Den Bosch út nei 63-40.

Yn de lêste perioade kaam Aris sterk werom en koe de skea beheind bliuwe. Aris moast it dwaan sûnder de blessearre Joe O'Shea en de foarige wike opstapte Jan van der Kooij.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)