Kuorbal: LDODK ferliest by PKC

23 jan 2016 - 17:30

De kuorballers fan LDODK ferlearen sneon mei 30-13 fan PKC. Yn Papendrecht naam de thúsploech fan begjin ôf oan de lieding. PKC rûn ienfâldich út nei in 15-4 foarsprong by rêst.

Yn de twadde helte gie de Papendrechtse doelpuntemasine fierder en moast de ploech fan trainer Erik Wolsink tasjen hoe't de lânskampioen útrûn nei in romme oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)