Drachtster Boys ferliest mei 3-0 by SVZW

23 jan 2016 - 16:44

Drachtster Boys is de twadde helte fan de kompetysje sneon útein set mei in 3-0 ferlies by SVZW. Yn Wierden kamen de Drachtsters ûnder lieding fan de nije trainer Marius Hendriks nei in healoere spyljen op efterstân. SVZW fersulvere in strafskop en soarge sa foar de rêststân. Yn 54e minút ferdûbele de thúsploech de skoare en efkes letter stie ek de einstân fan 3-0 op it boerd.

Drachtster Boys bliuwt mei 2 punten út 14 wedstriden stiif ûnderoan stean yn de sneonshaadklasse C.

Trefwurden: 
Drachtster Boys SVZW fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)