Update: Antonius sikehûs krijt soad fragen oer enterofirus

23 jan 2016 - 16:07

Meiwurkers fan it Antonius Sikehûs yn Snits belje fan moandei ôf alle âlden fan bern dy't dizze wike operearre wurde soenen. Dat dogge se omdat der freed sân lytse poppen besmet rekke binne mei it enterofirus. Ien fan dy poppen leit op dit stuit yn it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins. De oare poppen wurde yn Snits behannele.

Om fierdere besmetting foar te kommen, hat it sikehûs foar akute gefallen in opnamestop ynsteld op de berne-ôfdieling. Reguliere behannelings kinne wol trochgean. It sikehûs krijt hjir in soad fragen oer.

Meiwurkers ferwize minsken troch nei de eigen webside foar de meast aktuele ynformaasje. It enterofirus kin ornaris gjin kwea, mar omdat it om kwetsbere bern giet, oant seis wiken âld, is de sitewaasje dochs soarchlik, seit bernedokter Hanneke Rijk fan it Antonius Sikehûs. Sokke bern kinne slim siik wurde fan dit firus, seit se. Neffens frou Rijk is it firus tige besmetlik. Minsken kinne it firus al in wike oerdrage, foardat se sels siik wurde.

It sikehûs bringt no yn kaart hoe't it firus dêr sa útbrekke koe. De omlizzende sikehuzen binne taret op ekstra pasjinten as gefolch fan de entero-útbraak yn Snits, al ha se dy op dit stuit noch net. Se nimme foarearst gjin ekstra maatregels om in útbraak foar te kommen. De maatregels binne op kûveuze-ôfdielings yn trochsneed al frij strang, litte se witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)