Auto op de kant op It Hearrenfean: ien ferwûne

De auto bedarre op de sydkant en moast iepenknipt wurde © SRfotografie
Op de Marktwei op It Hearrenfean rekke sneontemiddei troch noch ûnbekende oarsaak in auto op de kant. De brânwacht hat de auto iepenknipt om de ynsittenden der út te heljen. Om hoefolle minsken it krekt giet, is noch net bekend.
Yn alle gefallen rekke ien persoan by it ûngelok ferwûne. Wat de tadracht fan it ûngelok krekt west hat, is op dit stuit ek noch net dúdik.