Antoinette de Jong oan de lieding op NK allround yn Thialf

23 jan 2016 - 14:53

Antoinette de Jong is sneon twadde wurden op de 3 kilometer by it NK allround yn Thialf. De Jong klokte in tiid fan 4.04.30 en moast dêrmei Annouk van der Weijden foargean litte. Van der Weijden wûn yn 4.04.07. It tredde plak wie foar Linda de Vries, mei 4.06.24. Yvonne Nauta einige as fyfde mei 4.08.65.

Yn it klassemint giet Antoinette de Jong oan de lieding. Van der Weijden moat op de 1500 meter 1.29 minuten goed meitsje. Tredde yn it klassemint is Linda de Vries. Yvonne Nauta fine wy op it sânde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)