Kollum: "De spagaat fan Eisenga"

23 jan 2016 - 14:26
  • Luuc Eisenga

"Luuc Eisenga is noch mar krekt oansteld, mar ik ha no al nijs foar him: hy kin it noait goed dwaan. Dat sit sa. Knipepunt is nammentlik Hans Vonk. De iene wol him fuort ha, de oar wol him behâlde en Eisenga moat kieze. De ûndernimmingsried, it Stichtingsbestjoer en in part fan de de OSSH (it bestjoer fan de sakeklup is ek ferdield) wolle dat Vonk ferdwynt.

Ek ûnder de spilers en trainers is ûnfrede oer Vonk en de spilersried (mei ûnder oare Marzo, Van den Berg en Bijker) hat dêroer al yn petear west mei de ûndernimmingsried.

Natuerlik, der binne wol senario's dat it goed komme kin. Miskien krijt Eisenga wol alle noazen deselde kant op. Mar wa leveret dan yn? Kinne Foppe en Riemer akseptearje dat Vonk net oanbliuwt? Of kinne personiel, spilers en trainers oer harren ûnfrede hinne stappe en mei Vonk fierder gean? En wat wol Vonk sels? Oft de komst fan Luuc Eisenga in garânsje is foar sukses is hiel dreech te sizzen. Eisenga hat gjin ûnderfining mei de fuotbalwrâld. En dat is in hiele oare wrâld. Trije jier lyn ried ik mei kollega Andries Hoekstra en in camper troch Frankryk en folgen we de Tour de France. Doe't we yn de buert fan Basel kamen, bellen we mei Eisenga. "Kom maar langs. Ik zet het eten klaar." Fia de Frânsk-Switserske grins rieden we Basel yn. Noch tsien minuten letter en we kamen oan yn Lörrach, Súd-Dútslân. Op it trije lannepunt wennet Eisenga skitterjend yn in moderne wenning mei skitterjend útsicht op Basel.

Yn de simmer fan 2012 makke Eisenga in pasta foar ús klear en mei in read wyntsje prate we oer fan alles en sjogge we nei de Avondetappe mei Mart Smeets. Dêr wêr't hy ek wolris oan tafel sitten hat. Hiel let wurdt it net. Eisenga moat de folgjende deis wer betiid fuort. Op nei de etappe fan de folgjende deis. Op dat stuit is Eisenga manager technyk en ynnovaasje by de Rabobankploech. Ik kin my noch herinnerje dat hy doe ûnder oare dwaande wie mei koelingsmasines foar hurdfytsers, dy't se brûke by it ynriden. Dy dei folge ik him in bytsje by de tijdrit fan dy dei. Wat opfalt is dat hy drok is. In drok baaske om it sa mar te sizzen. Mei sponsoaren en, sa as it op my oer komt, saneamde belangrike minsken. Troch Ruud Gullit ek wol bobo's neamd. Of Eisenga sels ek in bobo is? Nee, dat leau ik net. Mar ik krige wol it idee dat hy goed mei minsken is. In minsken-minsk sizze se dan. En dat kin Hearrenfean wol brûke.

Oan it begjin sei ik noch dat ik nijs ha foar Eisenga. Dat is flauwekul fansels. Eisenga is net ûnnoazel en wit dat de situaasje-Vonk in probleem opsmite kin. Ik bin benijd hoe't hy dit oplosse sil. Súkses Luuc. Of better sein: sterkte. Of nee, litte we it posityf besjen: in soad wille!"

Roelof de Vries is sportredakteur by Omrop Fryslân. 

Ynterview yn 2012 mei Luuc Eisenga

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)