Jorrit Bergsma wint NK maraton op de Weissensee

Jorrit Bergsma hat sneon it Iepen NK maratonriden op it natoeriis fan de Weissensee wûn. De rider fan Aldeboarn ûntsnapte yn de lêste kilometer út in kopgroep fan 19 riders en kaam solo oer de einstreek. Gary Hekman einige as twadde yn de sprint om it sulver. Jouke Hoogeveen waard tredde.
Yn 2013 pakte Bergsma ek al de titel op it Iepen NK op natoeriis. Bergsma hie dit wykein ek starte kinnen op it NK Allround yn Thialf, mar hy joech de foarkar oan it NK maraton op natueriis. Dy kar hat goed útpakt.
"Hjir wie ik wol oan ta, wer even lekker op natoeriis ride", sei Bergsma nei syn oerwinning.