Festival Into the Great Wide Open fluch útferkocht

23 jan 2016 - 13:59
  • Into The Great Wide Open

De seistûzen kaarten foar muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân wiene sneon yn trije kertier tiid útferkocht. En dat is foar de achtste kear op rige. It Flylanner festival soe wol groeie wolle, mar dêr is gjin romte foar, seit Peter Boorsma fan de organisaasje. Der binne net mear sliepplakken op it eilân. Kaartsjes kostje 135 euro it stik, en besikers witte net wat se dêr foar krije. Fan it programma stiet noch neat fêst.

"Goedkeaper kin it net", seit Boorsma. "Wy wurde der yn alle gefallen net ryk fan."

Eins wiene de kaarten al binnen in pear minuten fuort, mar de organisaasje seit pas dat it festival útferkocht is as ek alle betellings binnen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)