Sjinkie Knegt wint goud op 500 meter op EK shorttrack

23 jan 2016 - 12:45
  • Sjinkie Knegt
  • Suzanne Schulting

Yn Sotsji binne dit wykein de Europeeske kampioenskippen shorttrack. Sjinkie Knegt is Europeesk en wrâldkampioen. Hy ferdigenet dit jier syn titel. Oare Fryske dielnimmers binne Daan Breeuwsma (Akkrum), Dennis Visser (De Lemmer, allinnich ôflossing), Suzanne Schulting (De Tynje) en Rianne de Vries (Akkrum, allinnich ôflossing). Oare Nederlanners binne Jorien ter Mors, Lara van Ruijven en Freek van der Wart.

16.01 De Nederlânsk relayploech by de manlju hat de finale helle. Yn de heale finale wûn de ploech mei Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Dennis Visser fan De Lemmer. Frankryk waard twadde, foar de Britten en de Belgen. Moarn nimt Nederlân it no op tsjin Hongarije, Ruslân en Frankryk. Ferline jier waard Nederlân twadde, krekt efter Ruslân.

15.33 De Nederlânske frouljusploech hat him pleatst foar de finale op it EK ôflossing. Nederlân wûn yn de heale finale ienfâldich. Allinnich Hongarije kaam in bytsje yn de buert, Tsjechië en Bulgarije einigen op grutte ôfstân as tredde en fjirde. By Nederlân rieden Rianne de Vries, Yara van Kerkhof, Jorien ter Mors en Lara van Ruijven. Nederlân nimt it moarn yn de finale op tsjin Ruslân, Hongarije en Italië.

15.07 Sjinkie Knegt wint de 500 meter. Hy wûn de 500 meter foar de Rus Elistratov, de Rus Migunov en de Poal Konopko. Yn de lêste ronde lei Knegt noch tredde, mar troch in fout fan de Russen en trochdat Knegt sels goed oplette kaam Knegt der knap tusken troch en krige hy it Russyske publyk stil.

Yn it klassemint is Knegt no twadde mei 35 punten. Semen Elistratov is earste. De Rus wûn de 1500 meter en waard twadde op 500 meter en hat dêrmei 55 punten.

Klassemint:

1 ELISTRATOV Semen RUS 55
2 KNEGT Sjinkie NED 35
3 LIU Shaolin Sandor HUN 21
4 van der WART Freek NED 13
5 MIGUNOV Dmitry RUS 13
6 LEPAPE Sebastien FRA 11
7 KONOPKO Bartosz POL 8
8 KNOCH Viktor HUN 7
9 LIU Shaoang HUN 5
10 WHELBOURNE Jack GBR 3
11 JEANNE Vincent FRA 2
12 CONFORTOLA Yuri ITA 1

14.59 Klassemint nei twa ôfstannen by de froulju:

1 CHRISTIE Elise GBR 68
2 van RUIJVEN Lara NED 22
3 SCHULTING Suzanne NED 21
4 ter MORS Jorien NED 21
5 PIERRON Veronique FRA 13
6 SEIDEL Anna GER 8
7 KONSTANTINOVA Ekaterina RUS 8
8 GILMARTIN Charlotte GBR 5
9 ZAKHAROVA Evgeniya RUS 5
10 VIVIANI Elena ITA 3

14.54 Suzanne Schulting is fjirde wurden yn de finale fan de 500 meter. Se hie in hiele goeie start, pakte krekt net it earste plak, mar yn de bocht dêrnei kaam se mei har punt fan de redens yn it iis en gong se ûnderút. Se kaam noch wol oerein, mar kaam net fierder as it fjirde plak. Christie wûn de 500 meter, Lara van Ruijven waard twadde, de Frânsêze Pierron waard tredde.

14.34 De finale by de froulju mei Schulting stiet pland om ûngefear 14.47 oere. De finale by de manlju mei Knegt is om 14.59 oere. De finales binne live te folgjen fia Omrop Fryslân Radio.

14.31 Sjinkie Knegt pleatst him foar de finale fan de 500 meter. Hy waard twadde efter de Rus Elistratov. De finale wurdt no riden troch Knegt, Elistratov en Migunov en de Poal Konopko.

14.17 Suzanne Schulting hat op de 500 meter de finale helle. Se gong yn de lêste bocht ûnderút. Se hie de kopposysje, mar waard ûnderút riden troch de Russin Zakhorova. Ek Van Ruijven, dy't net foel en de rit úteinlik wûn, giet troch nei de finale. Ter Mors waard yn de kwartfinale al útskeakele.

14.01 Daan Breeuwsma wurdt efter Elistratov en Knoch tredde yn de kwartfinale en is dêrmei útskeakele op de 500 meter. Ferrassend is wol dat de Hongaarske broerkes Liu alle twa al útskeakele binne. Shaolin Liu waard twadde op de 1500 meter, Shaoang Liu waard fyde en ek de nûmer seis Welbourne is útskeakele, wêrtroch Knegt goeie saken dwaan kin foar it klassemint,

13.59 Sjinkie Knegt giet troch nei de heale finale fan de 500 meter.

13.57 Freek van der Wart wurdt útskeakele op de 500 meter. Hy falt en mei net troch.

13.47 Suzanne Schulting pleatst har foar de heale finales fan de 500 meter. Se wint ienfâldich har kwartfinale. Jorien ter Mors waard ferrassend útskeakele. By de start krige se in tik op har redens, wêrtroch der in stik út har mes foel. Van Ruijven pleatste har ek foar de heale finales troch efter Elise Christie twadde te wurden.

13.25 De Rus Elistratov wint de 1500 meter. De Hongaar Liu wurdt twadde, Freek van der Wart pakt in brûnzen medalje. Dit is no it klassemint by de manlju.

1 ELISTRATOV Semen RUS 34
2 LIU Shaolin Sandor HUN 21
3 van der WART Freek NED 13
4 LEPAPE Sebastien FRA 8
5 LIU Shaoang HUN 5
6 WHELBOURNE Jack GBR 3
7 KNOCH Viktor HUN 2
8 KNEGT Sjinkie NED 1

13.15 Sjinkie Knegt wint de B-finale op de 1500 meter en wurdt dêrmei achtste. Hy pakt sadwaande 1 punt foar it klassemint. Daan Breeuwsma waard tredde yn de B-finale en like him wat te sparjen.

13.07 Klassemint nei ien ôfstân:

1 CHRISTIE Elise GBR 34
2 ter MORS Jorien NED 21
3 SCHULTING Suzanne NED 13
4 SEIDEL Anna GER 8
5 ZAKHAROVA Evgeniya RUS 5
6 KONSTANTINOVA Ekaterina RUS 3
7 GILMARTIN Charlotte GBR 2
8 van RUIJVEN Lara NED 1

13.04 Suzanne Schulting pakt in brûnzen medalje op de 1500. Jorien ter Mors waard twadde, de Britse Elise Christie pakte de gouden medalje.

12.56 Lara van Ruijven wurdt twadde yn de B-finale en dêrmei achtste op de 1500 meter. Dêrmei pakt se 1 punt foar it klassemint.

12.30 Debakel foar Sjinkie Knegt én Daan Breeuwsma. Se wurde beide útskeakele op de 1500 meter yn de heale finale. Freek van der Wart, de tredde Nederlanner, wint de heale finale foar de Hongaar Liu. Knegt en Breeuwsma wurde tredde en fjirde en gean dêrtroch nei de B-finale.

12.15 Suzanne Schulting en Jorien ter Mors pleatse harren foar de finale fan de 1500 meter. Se winnen beide harren heale finales. 12.55 is de finale.

Der binne fjouwer ôfstannen op it EK, yn dizze folchoarde: de 1500 meter, de 500 meter en op snein de 1000 meter en de superfinale (by de manlju 5000 meter, by de froulju 3000 meter). Op eltse ôfstân kin de bêste acht punten pakke en dy wurde sa ferdield: 34, 21, 13, 8, 5, 3, 2 en de nûmer acht pakt 1 punt. Njonken de yndividuele ôfstannen is der ek noch de ôflossing (relay). Mei fjouwer dielnimmers lossen de shorttrackers elkoar ôf. Nederlân is kânshawwer op de titel by sawol de manlju as de froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)