Swettehiem iepenet 'respijtkeamer' foar mantelsoargers

Mantelsoargers dy oerwurke binne kinne fan sneon ôf by ferpleechhûs Swettehiem yn Ljouwert telâne. Dêr wurdt sneon in respijtkeamer iepene dêr't soarchfregers ferbliuwe kinne, dy't oars in mantelsoarger hawwe. Sadwaande kin de fêste mantelsoarger rêst krije en bygelyks op fakânsje gean.
CDA-gemeenteriedslid Gea Dames hat freedtenacht yn de respijtkeamer fan Swettehiem slept om te ûnderfinen hoe't it ferbliuw yn de respijtkeamer is. It hat har goed foldien.
As it oan har leit komme der mear respijtkeamers yn Ljouwert, sadat mantelsoargers safolle mooglik ûntlêste wurde kinne.