Fryske pronkriders yn Hongarije

23 jan 2016 - 11:26
  • Pronkride

Uilke en Gri Smink-Van der Zee fan Drylts hawwe freedtejûn spesjaal foar de meiwurkers fan de Nederlânske Ambassade yn Boedapest te pronkriden west. Dit yn it ramt fan it Nederlânske foarsitterskip fan de Europeeske Uny yn it earste healjier fan 2016.

Mei-inoar hawwe der seis pearen nei Boedapest ta west. Uilkje en Gri Smink binne de iennichste út Fryslân dy't mei wiene. It echtpear hat yn Fryske klaaiïnge fan 1850 in pronkrydshow jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)