Tet Rozendal nije kollumnist Buro de Vries

23 jan 2016 - 11:17

Sjongeres, aktrise en skriuwster Tet Rozendal is de nije kollumnist fan radioprogramma Buro de Vries. Tet reiziget op it stuit mei al wer har fjirde solofoarstelling troch it lân: 'Nachtvlinder'. Har eardere foarstellings gongen oer oaren: Marlene Dietrich, Wonderdokters en Mata Hari. Diskear giet it oer harsels. Yn 'Nachtvlinder' fertelt Tet oer har ûnderfinings mei de leafde, oer har eangsten en har dreamen.

In lyts ynkykje yn har libben krije we fan no ôf moanliks yn Buro de Vries.

Wêr makket Tet har drok om, wat fernuveret har of wêr sit se mei. Snein har earste kollum, oer in ôfspraakje mei in knap model dat in hekel oan Friezen blykt te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)