Update: twa kûveuze poppen mei entero fan Snits nei UMCG

Twa fan de sân kûveuze-baby's dy't yn it Antonius sikeûs yn Snits mei it entero-firus besmet rekken, binne oerbrocht nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins. De oare bern wurde yn Snits behannele. Om fierdere besmetting foar te kommen, hat it sikehûs in opnamestop ynsteld op de kûveuze-ôfdieling. Hoelang't dat duorret, is op dit stuit noch net dúdlik.
Gewoane befallingen geane gewoan troch, mar risikogefallen wike út nei oare sikehuzen. Ien fan de twa poppen dy't nei Grins brocht waarden, kaam sneon wer werom nei Snits.
It entero-firus kin ornaris gjin kwea, mar omdat it om kwetsbere bern giet, oant seis wiken âld, is de sitewaasje dochs soarchlik, seit bernedokter Hanneke Rijk fan it Antonius Sikehûs. Sokke bern kinne slim siik wurde fan dit firus, seit se. Neffens frou Rijk is it firus is tige besmetlik, Minsken kinne it firus al in wike oerdrage, foardat se self siik wurde. It sikehûs bringt no yn kaart hoe't it firus dêr sa útbrekke koe.
De omlizzende sikehuzen hawwe noch gjin ekstra pasjinten krigen as gefolch fan de entero-útbraak yn Snits. Sikehûs MCL yn Ljouwert is wol ynformearre troch de kollega's yn Snits. It sikehûs is wol klear foar it opheinen fan in pear ekstra poppen, as dat nedich is, sa lit in wurdfierder wite.