Radarssônes: gjin wynmûnepark

16 apr 2012 - 12:12

De bou fan in nij wynmûnepark by de Ofslútdyk komt ûnder druk te stean as it Ministearje fan Definsje de beskermjende sônes om radarynstallaasjes hinne útwreidet. No is dy beskermjende sône 28 kilometer, mar Definsje wol dêr 75 kilometer fan meitsje. De Ofslútdyk leit binne 75 kilometer fan de radarposten yn Wier, Ljouwert en De Kooy yn Den Helder.

Deputearre Konst fynt dat it Ryk beseffe moat dat it útwreidzjen fan de sônes betsjut dat de doelstelling fan datselde Ryk fan 6000 megawatt oan wynenerzjy op lân gefaar rint.

De doelstelling fan de provinsje om mear duorseme enerzjy te produsearjen is net ek net helber mei rommere sônes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)