Omrop TIP: De lêste noaten fan it Frysk Orkest

24 jan 2016 - 07:30

Al 27 jier bestiet it offisjeel net mear: it Frysk Orkest. Untstien yn 1950 koe it Orkest mei help fan in grutte ynsammelaksje ûnder de Fryske befolking yn de jierren fyftich profesjonalisearje. Net allinnich yn konsertsealen mar ek yn doarpshuzen yn alle úthoeken fan de provinsje waarden konserten jûn. Yn de folksmûle waard dan ek sprutsen fan ‘ús orkest’.

Doe't it Frysk Orkest yn 1989 mei it Heare-akkoart opgie yn it Noord Nederlands Orkest, dat Grins as fêstigingsplak krige, rûnen de emoasjes dan ek heech op. 

Yn jannewaris besteegje Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant oandacht oan it Frysk Orkest mei in rige radiodokumintêres, in telefyzjedokumintêre en in rige artikels.

Fryslân DOK – De neilittenskip fan ús orkest

Yn ‘De neilittenskip fan ús orkest’ fertelle musisy en âld-musisy oer de opkomst, de gloarjedagen en de ein fan it Frysk Orkest. Orkestleden sjogge werom op dy roerige tiid, mar ek âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel komt as ien fan de arsjitekten fan it Heare-akkoart oan it wurd yn ‘De neilittenskip fan ús orkest’. Hy neamt it noch altyd in goed akkoart, dêr't Fryslân úteinlik better fan wurden is.

De Fryslân DOK 'De neilittenskip fan ús orkest' is op snein 24 jannewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren te besjen op Omrop Fryslân Telefyzje. De dokumintêre is ek te sjen op sneon 23 jannewaris om 15.30 oere en snein 24 jannewaris om 12.50 oere op NPO 2.

Buro de Vries – In akkoart sûnder muzyk

Yn Buro de Vries in rige fan fjouwer útstjoerings. Yn de earste ôflevering op snein 3 jannewaris prachtige opnamen út it argyf fan Omrop Fryslân en petearen mei ûnder oaren altfioelist Leendert van der Zeep. Leendert gong yn 1989 fan it Frysk Orkest nei it Noord Nederlands Orkest en sjocht werom op dy tiid. Fierder yn ‘In akkoart sûnder muzyk’ in petear mei bassist Willem Nijenhuis en âld-direkteur fan it Frysk Orkest Henk Smink.

'In akkoart sûnder muzyk' is op snein 3, snein 10, snein 17 en snein 24 jannewaris tusken 11.00 en 13.00 oere op Omrop Fryslân Radio te beharkjen yn it programma Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)