Liander wol net meibetelje oan kabel foar sinnepark yn Garyp

22 jan 2016 - 20:04
  • Liander

Netbehearder Liander wol net meibetelje oan de oanlis fan in kabel nei it sinnepark dat by Garyp komme moat. De oanlis kostet in heal miljoen euro. De inisjatyfnimmer fan it park, de enerzjykoöperaasje Garyp, wol it ek net betelje mar sil no wol moatte. It betsjut in tebeksetter foar de plannen fan it park, dat komme moat op it âlde stoart by it doarp. De koöperaasje sil it jild no mei help fan banken finansiere moatte.

En dat betsjut ekstra risiko's. Dochs kin it net oars, sa seit foarsitter Gjalt Benedictus. 

Alle fergunningen binne rûn en ek de subsydzje foar it bouwen fan it sinnepark is binnen.

Betingsten

Oan de subsydzje sit lykwols betingsten. Sa moat it park binnen twa jier draaie. Benedictus giet noch al yn berop by in beropskommisje tsjin it beslút fan Liander om de kabel net te beteljen. It duorret allinnich al gau trije jier foar't der in útspraak leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)