Ids Hellinga wurdt opfolger fan Johannes Westra by de PC

Ids Hellinga fan Frjentsjer wurdt yn 'e takomst de nije foarsitter fan de Koninklijke Permanente Commissie, oftewol de PC. Hy wurdt as sechsde lid talitten ta de PC. Hellinga sil de kommende moannen ynwurke wurde, en nimt nei de PC fan 3 augustus fan dit jier it foarsitterskip oer fan Johannes Westra, dy't dit jier 70 wurdt.
Ids Hellinga is 48 jier en hat in oplieding ta genetikus dien oan de universiteit fan Wageningen. Hy is ek direkteur fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek. Hellinga is grut leafhawwer fan de keatssport en de PC.