Kûveuze-ôfdieling Antonius Snits ticht fanwege firus

Op de kûveuze-ôfdieling fan it Antonius Sikehûs yn Snits is it enterofirus oantroffen. Om fierdere besmetting foar te kommen is it opnamebelied foar de folsleine berne-ôfdieling oanpast. Op de kûveuze-ôfdieling is in folsleine opnamestop ynsteld. Ek binne omlizzende sikehuzen en húsdokters ynformearre.
Mei-inoar binne sân poppen mei it firus besmet. Twa dêrfan binne oerbrocht nei sikehûs UMCG yn Grins. It enterofirus soarget foar koarts, diarree en spuien, en is benammen gefaarlik foar tige lytse poppen.