Lankhorst iepenet nije hal

16 apr 2012 - 11:54

Lankhorst yn Snits giet in grutte takomst temjitte. Dat sei Joop Atsma moandeitemoarn by de iepening fan in nije hal. It bedriuw hat mear as seis miljoen euro ynvestearre yn de hal en yn nije masines. Nettsjinsteande de krisis ferwachtet direkteur Tjalsma dat der mear minsken oannaam wurde kinne.

By Lankhorst meitsje se materialen út recycled plestik, bygelyks keunststof peallen, wâlbeskoeiïng, brêgen, planken en pikniktafels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)