Ronald Mulder wint 500 meter, Smeekens pakt tredde plak

22 jan 2016 - 17:12

Ronald Mulder hat freedtemiddei de earste 500 meter wûn by it NK sprint yn Thialf op It Hearrenfean. Hy sette in tiid fan 34.92 op 'e klok. Jan Smeekens fan Snits wie mei 35.14 de bêste Fries. Hy helle dêrmei in tredde plak. Jesper Hospes fan It Hearrenfean einige op it fiifde plak mei in tiid fan 35.32, en Sjoerd de Vries einige op it njoggende plak mei in tiid fan 35.59.

Letter freedtemiddei ride de manlju noch de earste 1000 meter fan it toernoai. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)