Saak Bas van der Meer tsjinnet yn febrewaris

22 jan 2016 - 16:51
  • Bas van der Meer

De saak fan Bas van der Meer út Drachten by it kolleezje foar de Rjochten fan de Minsk is op 19 febrewaris. Van der Meer waard yn novimber wegere foar in staazje by agraryske gruthannel De Boer yn Drachten om't er iepenlik homoseksueel is. Nei't Van der Meer de ôfwizing op Facebook set hie, waard de wegering lanlik nijs.

Der wie in soad krityk op it Drachtster bedriuw. Beide partijen meie no har kant fan it ferhaal fertelle by it kolleezje, wêrnei't binnen acht wiken in útspraak folget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)