Luuc Eisenga beneamd ta algemien direkteur SC Hearrenfean

22 jan 2016 - 16:28

Luuc Eisenga is de nije algemien direkteur fan Sportklup Hearrenfean. Dat hat de klup niiskrekt bekend makke. Earder wie al bekend dat Eisenga kandidaat wie. It Stichtingsbestjoer en de ûndernimmingsried ha noch petearen mei him fierd en beide partijen sille mei-inoar fierder. Hearrenfean makke ek bekend dat Hans Vonk technysk manager wurdt en Danny Steenstra finansjeel manager. Chris Woerts sil as ekstern adviseur de kommersjele saken stipe jaan. Letter sil der noch socht wurde nei in kommersjeel manager.

Hurdfytswrâld

Eisenga wie earder aktyf yn de hurdfytswrâld. Hy wurke ûnder oare by de Rabobank en de T-mobile ploech. As lêste wurke hy foar de AIGCP, de belange-organisaasje foar hurdfytsploegen. Eisenga sil ferhúzje nei It Hearrenfean. Hy wennet no yn Súd-Dútslân yn Lörrach. Hy komt fan Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)