Bewusteleas achter it stjoer

16 apr 2012 - 11:26

In man fan 24 jier fan De Harkema is sneintenacht oanhâlden foar harddrugs. Hy siet út 'e tiid achter it stjoer fan syn stilsteande auto. De motor draaide en de ljochten wiene noch oan. De plysje hie in melding krige dat by de apoteek in fertochte auto stie. By oankomst seagen se de man yn 'e auto sitten. Hy waard wekker doe't de plysje de auto útsette.

De man blykte ûnder ynfloed fan drugs te wêzen. Yn syn auto fûn de plysje wikkels mei speed. De drugs binne yn beslach naam. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)