Antoinette de Jong wint 500 meter op NK allround

22 jan 2016 - 14:23

Antoinette de Jong fan Rottum hat freedtemiddei de 500 meter wûn op it NK allround op It Hearrenfean. De rydster fan team Justlease.nl ried in tiid fan 39.48. Annouk van der Weijden waard twadde yn 39.95 en Linda de Vries tredde yn 40.33.

It allroundtoernoai fan de froulju giet sneon fierder mei de 3000 meter. Snein ride se noch de 1500 en 5000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)