Basketballer Jan van der Kooij giet fan Aris nei Hannover

22 jan 2016 - 14:10

Aris-spiler Jan van der Kooij is mei yngong fan hjoed by de Ljouwerter basketbalklup fuortgien. Van der Kooij stapt oer nei Hannover, dat útkomt yn de Regionalliga. De forward spile op amateurbasis by Aris, neidat er him begjin dit seizoen út himsels by de Ljouwerters melde. Aris fynt it fuortgean spitich, om't de klup yn in beslissende faze fan it seizoen sit en in soad blessuereleed hat.

Jeugdspiler Marvin Dijkstra sil it fuortgean fan Van der Kooij foarearst opheine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)