Narsingh werom yn de basis by Cambuur

22 jan 2016 - 13:48
  • Furdjel Narsingh

Furdjel Narsingh stiet snein by Cambuur yn de basis foar de útwedstriid tsjin ADO Den Haach. De rjochteroanfaller is wer fit, mar dochs giet Cambuur hoeden om mei ien fan de belangrykste oanfallers. Cambuur spilet dizze wike trije kear: Snein út tsjin ADO Den Haach, woansdei út tsjin AZ en snein oer in wike thús de derby tsjin SC Hearrenfean. Narsingh sil nei alle gedachten de wedstriid tsjin AZ net spylje.

De seleksje fan Cambuur is ridlik folslein. Xander Houtkoop ûntbrekt tsjin syn âlde klup, fanwege in blessuere oan ljisk en heup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)